Plysjes rêde skiep fan de dea

24 mrt 2015 - 14:24
  • (fotofoarbyld)

De plysje yn Súdeast-Fryslân hat tiisdeitemoarn in skiep fan de dea rêden. It bist wie omfallen en lei yn ûnmacht yn de greide. Nei de helpende hân fan de plysjes koe it skiep sels nei de keppel rinne dy't fierderop stie. De eigener is troch de plysjes op 'e hichte brocht.

Op de Facebookside fan de plysje stiet in filmke hoe't de plysjeminsken it skiep rêde. Der wurdt ek útlein wat je dwaan kinne om in omfallen skiep te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)