Plysjes nei Winterspelen

18 aug 2000 - 18:16

In stik as tsien Fryske plysjes hawwe har opjûn om as frijwilliger nei de Olympyske Winterspelen yn 2002 te gean. Sy moatte de trip nei Salt Lake City op eigen kosten yn har frije tiid meitsje.

De plysjes sille by de Spelen tafersjoch hâlde op oare frijwilligers. Ek moatte se stadions en olympyske doarpen beweitsje. Plysjeman Hoofd út Snits koördinearret de oanmeldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)