'Plysjes moatte mear fertsjinje'

06 okt 2006 - 06:10

Om konkurrearje te kinnen mei it bedriuwslibben moatte plysjeminsken mear fertsjinje as no neffens Foeke Wagenaar. Hy naam tongersdei ôfskie as korpssjef fan de Fryske plysje. De plysje hat hieltyd heger oplate meiwurkers nedich, mar it lean is dêr noch net neffens.

Hy sei ek dat in korpssjef no mear mei saken dwaande is op nasjonaal nivo as yn de regio, wylst hy wol ôfrekkene wurdt op de resultaten yn dy regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)