Plysjes misledige yn Dokkum

26 sep 2010 - 15:08

Aginten dy't yn de nacht fan sneon op snein op de Eastersingel yn Dokkum rûnen, waarden dêr troch twa minsken misledige út in foarbyridende auto wei. Dêrnei ried de bestjoerder hurd fuort mei de ljochten út. Op de Lauwersseewei binne de manlju oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo foar mislediging en gefaarlik ride.

It gong om twa ynwenners fan Ie fan 21 en 22 jier âld. It rydbewiis fan de bestjoerder is ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)