Plysjes blokkearje ministearje yn Den Haach by aksje

16 sep 2015 - 14:13

Sa'n 600 plysjeminsken út Noard-Nederlân ha woansdeitemoarn yn Den Haach it ministearje fan finânsjes blokkearre. De blokkade makke ûnderdiel út fan de aksjes fan de plysjeminsken foar in bettere CAO, dy't no al in pear moanne duorje. Nei ôfrin fan de blokkade binne de plysjes op it Malieveld tasprutsen troch fakbûnsminsken.

De plysjes ha net folle fertrouwen yn de meidieling fan minister Ard van der Steur dat hy ekstra jild beskikber hat. Neffens de plysjes moatte sy dat fia har pensjoenregeling sels betelje. Se geane troch mei de aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)