Plysjes akkoart mei CAO

28 mrt 2008 - 15:58

It bûnsbestjoer fan it Nederlânske plysjebûn is akkoart gien mei it CAO- foarstel fan minister Ter Horst fan Binnelânske saken. Dat bestjut dat de leden it advys fan foarsitter Hans van Duijn neist har dellizze. Dy joech earder oan dat hy tsjin it akkoart is en dat er dat ek net ûndertekenje wol.

No't de NPB ynstimt mei it risseltaat, bestjut dit dat de CAO fan de plysje ôfsletten wurde kin. Earder al hat de VMHP ynstimd mei it akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)