Plysjemonitor: mear ynbraken

19 maaie 2005 - 23:12

It ôfrûne jier is der mear ynbrutsen, mar binne der minder minsken mei geweld bedrige en minder auto's en fytsen stellen. Dat docht bliken út de lanlike jierlikse Plysjemonitor Befolking. Dat is in ûndersyk nei buertproblemen, gefoelens fan ûnfeilichheid en it funksjonearjen fan de plysje.

Minsken fiele harren wol hieltyd feiliger. Neffens de wurdfierder fan de Fryske plysje Rambonet komt dat omdat de plysje faker yn de wiken is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)