Plysjemishannelers foarlaat

23 jan 2012 - 09:46

De twa fertochten fan mishanneling fan in plysje yn Kollum wurde moandei foarlaat oan justysje. Dy besjocht oft se langer fêstsitte moatte. It giet om twa ynwenners fan 17 en 41 jier fan Gerkeskleaster. De plysje is benaud dat it nochris folslein út de hân rint mei it geweld tsjin aginten.

Dit wykein waard yn Kollum in plysje út de tiid slein. Hy wie der sa min oan ta dat er in nacht yn it sikehûs bliuwe moast. Yn Boalsert waarden aginten skopt en slein doe't se besochten in man oan te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)