Plysjeminsken fiere aksje yn Den Haag foar bettere cao

21 maaie 2015 - 08:10

Sawat santich plysjeminsken út Noard-Nederlân fiere tongersdeitemoarn aksje yn Den Haag. De plysje striidt al in skoft foar in bettere cao. De easken binne mear lean, betere betingsten en mear wurdearring.

Yn Den Haag hawwe de plysjeminsken it Binnenhof omsingele. Se meitsje alle oeren leven, mei toeters, sirenes en trommels. Se sette ek symboalysk lege jildkisten by it ministearje fan finânsjen del. De aksje folget op eardere protesten, wêrûnder in stadichoan-estafette en it tydlik tichtdwaan fan plysjeburo's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)