Plysjeminsken bedrige mei hout

06 jan 2011 - 10:50

De plysje hat woansdeitejûn yn de Wylgestrjitte yn Ljouwert in 49-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden op fertinking fan bedriging. Buertbewenners hiene de plysje warskôge omdat de man it sa mâl die.

Doe't de plysjeminsken oankamen kaam de fertochte mei twa stikken hout it hús út en bedrige dêrmei de plysjes. Omdat de man it hout net dellizze woe, is pepperspray brûkt en koe de man nei in wrakseling oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)