Plysjeminsken 70 kear misledige op parkearplak A7

13 aug 2015 - 08:02

Twa Ljouwerters fan 30 en 32 jier binne woansdei oppakt foar it bedriigjen en misledigjen fan plysjeminsken. Ek hie it duo drugs by him. De twa hienen middeis in plysjeman ynhelle en harren auto dêrnei midden op de dyk stilset. Ien fan de fertochten kaam mei in foarwerp út de auto en bedrige de plysjeman. Dy hat it kenteken noteard en is fuortriden.

Dyselde nacht seach de plysje de auto yn Snits. De fertochten naaiden út, mar binne nei in achterfolging klemriden op it parkearplak by de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean.

Nei harren arrestaasje gongen de Ljouwerters troch it lint. It duo hat de plysjeminsken sa'n 70 kear misledige. De plysje krige skelwurden lykas 'homo's', 'motherfuckers' en 'klootzakken' oer har hinne. Der binne ekstra plysjeminsken nei it parkearplak kaam om de fertochten te kalmearjen en mei te nimmen nei it buro. Yn de auto is nei in sykaksje drugs en in grut jildbedrach fûn. Dat is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)