Plysjeman ûntslein

04 mrt 2014 - 16:44
  • Plysje uniforms

De plysjeman-yn-boarger dy't ôfrûne simmer yn Hollum op It Amelân in bussjauffeur mishannele hat, is ûntslein. De man hie rûzje krige mei de sjauffeur. De fertochte fûn dat de bus gefaarlik ried. Letter seach er de bus wer, stapte yn en legitimearre him as plysjeman. Der ûntstie rûzje, de plysje pakte de sjauffeur beet en der ûntstie in wrakseling. De bus kaam yn de boskjes ta stilstân. De sjauffeur rekke licht ferwûne.

De plysje hat de fertochte kollega heard en hy krige in proses-ferbaal. Nei fierder ûndersyk hat er no dien krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)