Plysjeman trapearret fandaal

06 mrt 2011 - 14:34

In plysjeman hat sneontejûn yn Damwâld in Kollumerpompster (28) trapearre by it fernielen fan de brievebus. De plysjeman stelde de man foar om even mei de húseigner te praten oer it fergoedzjen fan de skea. Dat woe de man net, wêrnei't er oanhâlden waard. De Pompster fersette him by syn oanhâlding, mar koe dochs meinommen wurde nei it plysjeburo.

By plysje-ûndersyk die bliken dat de man noch in finzenisstraf fan njoggen dagen útsitte moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)