Plysjeman slein op Waachplein

24 apr 2010 - 14:53

De plysje hat freedtejûn op it Waagplein yn Ljouwert trije manlju oanholden op fertinking fan it slaan fan in plysjeman. De fertochten foarmen ûnderdiel fan in groep, dy't dêr net stean mocht. In Ljouwerter (26) fersette him tsjin it befel en joech in agint in klap yn it gesicht.

Twa oare fertochten bemuoiden har mei de oanhâlding fan de Ljouwerter en giene der oanslutend fan troch. Ien fan beide manlju koe oanholden wurde op de Korfmakkerstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)