Plysjeman rekket map kwyt

12 nov 2009 - 19:07

In meiwurker fan de plysje Fryslân is in map mei fertroulike ynformaasje kwytrekke. Yn de map siet in risiko-analyze fan de ferline wike spile wedstryd fan Cambuur tsjin Excelsior. Ek steane der nammen en foto's yn fan minsken mei in stadionferbod, draaiboeken foar kalamiteiten en tillefoannûmers fan plysjeminsken.

In studint hat de map yn it wykein fûn en is dermei nei de redaksje fan de webside GeenStijl stapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)