Plysjeman rêdt libben man

12 apr 2009 - 15:47

In plysjeman hat yn de nacht fan sneon op snein it libben rêden fan in 85-jierrige ynwenner fan Wolvegea. Fia 112 wie in melding binnenkaam oer in man dy't net goed wurden wie. De plysjes wiene gau op it plak mei it ambulânsepersoniel.

Se fûnen de man yn syn sliepkeamer. It die bliken dat de man gjin hertslach mear hie. De plysjeman begûn it slachtoffer te reanimearjen. Nei in pear kear besykjen kaam syn hertslach wer werom. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)