Plysjeman mishannele yn sintrum fan Ljouwert

01 nov 2015 - 10:16

By in ynsidint op de Wurdumerdyk yn Ljouwert is in plysjeman ferwûne rekke. De plysje woe yn de nacht fan sneon op snein twa minsken út elkoar helje dy't spul hienen. Ien fan harren hat doe de plysjeman skopt en slein. Dy is ferwûne rekke oan de mûle en de foet. De dieder is meinommen nei it buro, de plysjeman hat oanjefte dien fan mishanneling.

Yn deselde nacht is ek in 31-jierrige Ljouwerter oppakt foar mishanneling. It slachtoffer, in 32-jierrige man, wie earder ferwûne oantroffen op it Van Eesterenplein yn Ljouwert.

Wat der krekt bard is tusken de beide manlju, wurdt noch ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)