Plysjeman krijt kopstjit

12 okt 2013 - 10:14
  • Plysje-embleem

Op it Ruterskertier yn Ljouwert binne sneontemoarn betiid, om healwei fiven, fjouwer Ljouwerters oppakt omdat se har misdroegen. De plysje krige melding fan in fjochtpartij op strjitte. Doe't de plysje mei de manlju prate woe, woenen se net meiwurkje. Ien fan har, in 26-jierrige Ljouwerter joech ien fan de aginten in kopstjit doe't er oanhâlden waard. De plysjeman is yn it MCL behannele. Ek in 27-jierrige man fersette him tsjin de oanhâlding. De oare twa mannen fan 23 en 26 jier binne oanhâlden om't se it wurk fan de plysje hinderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)