Plysjeman hâldt baan

06 maaie 2010 - 14:01

De 56-jierrige plysje dy't in moanne lyn feroardiele is om't er yllegaal in famke fan de Filipinen meinommen hat, hâldt syn baan by de plysje. Wol hat de Ljouwerter plysjeman in berisping krigen. Yn april krigen de plysje en syn frou 180 oeren wurkstraf.

It hôf leit dy straf op fanwege it ferfalskjen fan de berte-akte en it brûken dêrfan. It echtpear krige yn 2006 in poppe yn de hannen drukt op de Filipinen mei it fersyk fan de biologyske mem om derfoar te soargjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)