Plysjeman ferstoarn oan Weil

26 jun 2008 - 19:51

In meiwurker fan de KLPD dy't begjin juny op it Prinses Margrietkanaal holpen hat by in slim speedboat-ûngelok, is ferline wike al ferstoarn oan de gefolgen fan de sykte fan Weil. Dat hat it ekspertisesintrum foar de sykte fan Weil yn Amsterdam tongersdei bekend makke.

De 57-jierrige man út Kampen rûn de sykte op nei't er yn kontakt kaam mei it wetter dat mooglik besmet wie mei de sykte fan Weil. Dy sykte wurdt ferspraat troch de brune rôt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)