Plysjeman brekt skouderbonke by wrakseling mei fertochte

31 okt 2015 - 12:16

In plysjeman hat freedtenacht yn Snits de skouderbonke brutsen by in wrakseling mei in 20-jierrige fertochte út dy stêd. By in kontrôle die bliken dat de man noch in fonnis iepenstean hie. De plysje woe him dêrfoar oanhâlde, mar dêr wie de Snitser it net mei iens. By de wrakseling dy't dêrnei ûntstie, kaam de plysjeman te fallen en bruts dêrby syn skouderbonke. De plysjeman hat oanjefte dien tsjin de fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)