Plysjekontrôles yn Hearrenfean

06 maaie 2012 - 10:18

Yn de gemeente Hearrenfean jildt noch oant sneintejûn ien minút foar tolven in needferoardering. Boargemaster Van der Zwan hat dy ôfkundige mei it each op de wedstryd fan Sportklup Hearrenfean tsjin Feyenoord, sneintemiddei healwei trijen.

De maatregel is naam omdat de plysje sinjalen krigen hie dat grutte groepen Feyenoordsupporters sûnder kaartsje nei It Hearrenfean komme soene. Sneintemiddei binne allinne supporters mei in tagongsbewiis foar de wedstryd wolkom.

De plysje kontrolearret strang by de ynfalswegen nei It Hearrenfean. It ferkear moat dêrom rekken hâlde mei fertraging. Ek op it stasjon binne plysjekontrôles. Sneontejûn sochten tsientallen Feyenoord supporters yn Ljouwert de konfrontaasje mei Cambuurfans. De ME koe foarkomme dat de saak út de hân rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)