Plysjekontrôle te hurd riden

28 jan 2011 - 10:53

Fanwege klachten hat de plysje op trije plakken yn Achtkarspelen en Dantumadiel kontrolearre op te hurd riden. Op de Dimpte Feart yn Surhústerfean rieden 77 fan de goed 900 foarbykommende bestjoerders te hurd. Op de Ferlaatsterwei yn Gerkeskleaster wiene dat 37 fan 'e hast 400. Op de Foarwei yn Wâlterswâld rieden 47 fan de 277 te hurd.

De plysje kontrolearre mei in lasergun. De bestjoerders krije de bekeuring thús tastjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)