Plysjekontrôle by stopljochten

02 jul 2010 - 09:59

De plysje hat tongersdeitemoarn by in ferkearsljochtkontrôle tsjin sân autobestjoerders in proses-ferbaal opmakke. De kontrôles wiene op de Grinserstrjitwei yn Ljouwert.

Fierders is op de A32 by Grou tsjin acht minsken proses-ferbaal opmakke. Fiif foar it riden sûnder rym om, twa foar mobyl beljen yn 'e auto en ien foar it ferkeard brûken fan it hannelerskenteken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)