Plysjekontrôle Julianaleane

24 okt 2012 - 10:22

By in plysjekontrôle op de Julianaleane yn Ljouwert binne tiisdei ferskate bestjoerders op 'e bon slingere. De plysje seach by de kontrôle benammen nei automobilisten dy't de rimen net om hiene. Dat wiene twa. Der waard ek sjoen nei it net-handsfree beljen. Dêr waarden seis minsken op trapearre.

De kontrôle waard hâlden tusken twa en fjouwer oere middeis. Der gie ek noch in bekeuring nei in automobilist dy't gjin kentekenplaat op syn karre hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)