Plysjekontrôle Harns-Surch

09 feb 2007 - 11:30

De plysje hat tongersdei it ferkear kontrolearre op de autodyk tusken Harns en Surch. Dêrby waarden tsien bekeurings útdield, ûnder oare foar glêde bannen en net-handsfree beljen.

Der waarden ek 132 bekeurings útdield oan minsken dy't te hurd riden. Op it stik dyk dat kontrolearre waard, mei net hurder as 70 kilometer yn 'e oere riden wurde. Der wurdt op 't stuit wurke oan 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)