Plysjehûnen fine kokaïne en himp yn Snits

19 des 2015 - 09:59
  • Plysjehûn

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon tegearre mei de hoareka in drugskontrôle hâlden yn Snits. In drugshûn wiisde 15 minsken oan as mooglike besitters fan drugs. Sy binne meinommen nei it kontrôleplak yn de tún fan it stedhûs.

Fiif fan harren hiene yndied himp of kokaïne yn besit, de drugs binne yn beslach nommen en der is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)