Plysjehûn spoart ynbrekker op

19 jul 2010 - 10:13

In 18-jierrige Ljouwerter is sneintenacht oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in wenning oan de Swingmastate yn Ljouwert. Earder die nacht hie in buertbewenner sjoen dat in ûnbekende man de wenning yn gie. Hy warskôge de plysje.

Om't der de lêste tiid in soad ynbrutsen wurdt yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren is der ekstra plysjetafersjoch. Doe't de plysjes by de wenning kamen seagen se in man út in rút op de earste etaazje springen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)