Plysjehûn slacht oan by besikers Ljouwerter houseparty

22 nov 2015 - 11:22

Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht 33 fertochten oanhâlden by in drugsaksje oan it Ruterskertier. Achttjin fan har hienen safolle drugs by har dat it strafber is. De plysje die de kontrôle mei in drugshûn by in houseparty yn stedsskouboarch De Harmonie.

Fiif fertochten binne meinaam foar ûndersyk. Twa Ljouwerters fan 41 en 49 jier, in man fan 25 út Hurdegaryp en in man fan 36 jier út Boalsert binne ynsletten en in man út Nunspeet om't er net meiwurkje woe. De plysje makket proses-ferbaal op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)