Plysjehûn pakt ynbrekker

15 feb 2008 - 10:40
  • "Plysjehûn pakt ynbrekker"

De plysje hat freed in 47-jierrige Ljouwerter oppakt by in ynbraak. De man waard op 'e die betrape yn in skoalle oan de Pieter Feddesstrjitte yn Ljouwert. Om't de man net reagearre op roppen fan de plysje, waard in hûn op him ôfstjoerd. Dy hie de ynbrekker gau te pakken. De plysje trof de man oan mei de hûn fêst yn syn linkerearm.

De fertochte waard oerbrocht nei it buro. Hy hie ynbrekkersark by him, sa as in slyptol en in knip-skjirre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)