Plysjehûn fynt stellen guod

07 jul 2008 - 10:16

In plysjehûn hat sneintenacht stellen guod werom fûn nei in ynbraak yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. De plysje waard warskôge dat by in bedriuw op de Brandemeer troch ynbrekkers in rút yngoaid waard.

In plysjehûn gie achter de ynbrekkers oan en fûn yn de buert fan de sporthal yn de boskjes in boadskiptas. Dêryn siet de kompjûterapparatuer dy't by it bedriuw stellen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)