Plysjefrou slim mishannele

15 nov 2009 - 12:58

In plysjefrou is sneontenacht slim ferwûne rekke, doe't se mishannele waard troch in 32-jierrige ynwenner fan Harns. De man wie troch de plysje op de Grienewei yn Ljouwert steande hâlden mei syn auto. Hy reagearre dêrby sa agressyf dat besocht waard him yn 'e boeien te slaan.

Omdat dat net slagge waarden mear plysje oproppen. Ien dêrfan, in 33-jierrige frou, waard troch de Harnzer yn it gesicht slein. Se rekke dêrtroch út 'e tiid en foel hurd op de stoepe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)