Plysjefrou sjit hûn dea

04 jun 2013 - 12:49
  • It plak fan de oanfal

In plysjefrou hat moandei yn Appelskea in hûn deasketten, dy't har tsjinsthûn oanfoel. De plysjefrou liet de plysjehûn út, doe't it bist ynienen oanfallen waard troch trije Staffords Terriërs. De eigener fan de hûnen wist twa fan de bisten los te lûken fan de plysjehûn. Dêrnei waard de yntusken ferwûne plysjehûn op 'e nij oanfallen troch it tredde bist.

Doe't it de hûne-eigener en de plysjefrou net slagge om beide útmekoar te krijen, hat de plysjefrou har wapen lutsen en de oanfaller deasketten.

De eigener fan de hûnen hat al earder warskôgings krige, omdat er net goed op syn bisten lette. De plysjehûn rekke ferwûne oan nekke, kop en side en moast opereard wurde troch in bistedokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)