Plysjefrou misledige yn Snits

07 mrt 2010 - 14:18

Yn Snits is sneontenacht in man út Reahûs oppakt foar mislediging fan in plysjefrou. Hy hearde by in groep dy't bûtendoar op de Wide Noarderhorne stie. Ien fan harren hie in glês bier yn 'e hân. Dat mei net op 'e iepenbiere dyk en de plysje sei dêr wat fan.

De groep reagearre agressyf op de wurden fan de plysje. Doe't de aginten wer yn 'e auto stapten, misledige de Reahúster de plysjefrou. Hy is arrestearre en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)