Plysjefrou mishannele

12 jan 2011 - 10:13

In automobilist (51) út Wolvegea is dit wykein oanhâlden foar poging ta deaslach fan in plysjefrou. De plysjefrou surveillearre op de Stellingerwei. De Wolvegeaster joech har gjin foarrang. Doe woe se him kontrolearje, mar de man naaide út en ried nei hûs.

Doe't de plysjefrou him dêr oanspruts en hy wegere mei te wurkjen, pakte sy him fêst. De man sloech om him hinne. Ek nei't se pepperspray brûkte, sloech er troch. De man sit op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)