Plysjeburo's ticht fanwege cao-aksjes, 112 wol berikber

14 sep 2015 - 16:13

De plysjeburo's binne tiisdeitemiddei en woansdei de hiele dei sluten fanwege cao-aksjes. De doarren gean tiisdeitemiddei om ien oere ticht, as de troanrede begjint. Woansdei binne de algemiene skôgings en dan bliuwe de plysjeburo's ek ticht. Fiiftûzen plysjeminsken gean nei in lanlike manifestaasje yn Den Haag.

De aksjes binne in ferfolch op eardere aksjes foar in nije cao, Dy hawwe neat opsmiten. Foar needoproppen is it 112-alarmnûmer wol berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)