Plysjeburo hat lêst fan mûzen

29 jul 2002 - 00:00

De kantine fan it plysjeburo yn 'e Ljouwerter binnenstêd moat ticht fanwege de mûzen. Yn it âlde buro siet wol faker in mûske, mar no binne it safolle dat it net mear hygiënysk is om iten yn de kantine te bewarjen.

De mûzepleach liket te kommen troch de ferbouwing fan it gemeentehûs. De mûzen wurde dêr ferjage en flechtsje nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)