Plysjebûnen ferdield oer aksje

28 jan 2008 - 09:20

Alle plysjeburo's yn Fryslân binne moandei ticht. Plysjeminsken fiere aksjes foar in bettere cao. Moannen fan publyksfreonlike aksjes - lykas bekeuring fytse sûnder ljocht - hawwe gjin fertuten dien.

De Fryske plysjeminsken stake dêrom moandei de hiele dei. Ien fan de fjouwer plysjebûnen - it ANPV - fynt de aksje lykwols ûnferantwurde, omdat de feilichheid mooglik yn 'e knipe komme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)