Plysje:"Bliuw asjeblyft thús!"

20 des 2009 - 14:00
  • Snieskowende trekker op de sutelwei fan de Snitserdyk
  • Dizze langlaufer is júst bliid mei de snie

De plysje, Rykswettersteat en Provinsjale Wettersteat roppe minsken op om foaral net de dyk op te gean as it net écht needsaaklik is. Foaral yn de Súdwesthoeke fan Fryslân smyt dat problemen op. Ek is der op de A6 en de A7 sprake fan gaoatyske situaasjes trochdat der dochs mear ferkear op de dyk is as at de diken oankinne.

By Breesândyk op de Ofslútdyk hat in frachtauto pech troch in brutsen as. Dat soarget ek foar problemen op de dyk, foar it oare ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)