Plysjebewaking by goudbedriuw

21 mrt 2013 - 18:01
  • Plysje-embleem

It goud- en sulverbedriuw fan Van der Meulen oan de Polderboskdyk op De Jouwer wurdt bewaakt troch de plysje. Dy bewaking is soms ûnsichtber, mar soms steane der ek spesjale plysjeminsken mei automatyske wapens. Ferline wike waard der in kamera yn de hage by it bedriuw fûn, dêrmei wiene opnamen makke fan de yngong. De man dy't nachts de kamera ophelle koe net oanhâlden wurde, omdat der gjin sprake wie fan strafbere feiten.

Sûnt dy tiid giet der in reële driging rjochting it bedriuw út, sa seit de plysje en dêrom wurdt it bedriuw bewaakt.

Hoe lang't dat noch trochgiet en wêr't dy driging út bestiet, koe de plysje net bekend meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)