Plysjebaas Suriname op besite

05 apr 2006 - 22:02

De plysje Fryslân en dy fan Suriname sille tegearre ynternasjonele drugshannel oanpakke. Dat waard woansdeitemiddei sein by in wurkbesite fan de heechste plysjebaas fan Suriname, Delano Braam, oan Fryslân.

Neffens plakferfangend korpssjef fan Fryslân Martin Sitalsin, kin de Nederlânske plysje noch in soad leare fan har Surinaamske kollega's. Foaral as it giet om omgong mei ferskate befolkingsgroepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)