Plysjeaksje, wedstriden ûnwis

28 mrt 2012 - 13:45
  • Cambuurstadion

De plysje sil kommende snein aksje fiere ûnder de fuotbalwedstriid Cambuur-Zwolle. Dat hawwe de bûnen bekend makke. Omdat it om in risikowedstriid giet, sil besletten wurde moatte oft er wol trochgean kin. Boargemaster Crone fan Ljouwert nimt dêr woansdei in beslút oer.

De plysjebûnen fiere al in skoft aksjes foar in bettere cao. Begjin dizze moanne waard al besletten hoeden mei it útdielen fan bekeurings om te gean. Neffens in wurdfierder fan plysjefakbûn ACP kostet dat de oerheid likernôch 750.000 euro deis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)