'Plysje-ynfo net op strjitte'

09 maaie 2005 - 11:27

Fryske plysjeminsken moatte goed oppasse dat geheime ynformaasje en ûndersykgegevens net op strjitte komme. Dêrom wurdt op it stuit ûndersocht hoe't de wurknimmers fan de plysje Fryslân omgean mei geheim materiaal.

De plysje wol dit graach wite om grutte flaters foar te kommen. Ferline jier sette offisier fan Justysje Tonino syn kompjûter mei dêrop allerhanne gegevens by it hússmoargens. De plysje brûkt dêrom sûnt koart spesjale konteners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)