Plysje-ynfal yn deiopfang

05 jul 2011 - 15:14
  • De plysje dwaande mei de ynfal yn de deiopfang
  • De hiele strjitte waard ôfset foar al it ferkear

Yn de dei-opfang fan Zienn oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert hat de plysje tiidei in grutte ynfal útfierd. Foar de ynfal is opdracht jûn troch it Iepenbier Ministearje. Der soenen de lêste tiid frijwat klachten oer oerlêst wêze. De plysje soe op syk wêze nei drugsdealers. De hiele strjitte is ôfset foar it ferkear. By de aksje is ien man oanhâlden.

Yn de deiopfang wurde minsken mei in ferslaving opheind en kinne se neist iten en drinken ek medyske soarch krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)