Plysje yn boarger bedrige

12 sep 2002 - 00:00

In ynwenner fan Ljouwert is woansdeite- nacht oanholden om't er besocht in plysje yn boarger te berôvjen. De plysje siet yn in auto doe't de man op him takaam. Hy hie dêrby wat yn 'e hân dat op in stekwapen like.

De plysje koe de fertochte pakke troch de autodoar tsjin him oan te slaan. Hy hie in mes by him. Hy hie earder dy jûn al in rút fan in restaurant yngoaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)