Plysje: XTC-lab Hoarnstersweach gefaar foar omjouwing

01 nov 2015 - 14:04

It XTC-laboratoarium yn Hoarnstersweach wie fanwege de gemyske stoffen in gefaar foar de omjouwing. Dat is de reden dat de plysje, daliks nei de tip dat der mooglik drugs yn de skuorre leine, yn aksje kaam is.

De trije fertochten yn de XTC-saak fan Hoarnstersweach wurde dizze wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslút oft se langer fêstsitten bliuwe. It binne in man fan 23 jier fan it Hearrenfean en twa manlju fan 53 en 48 jier út Zaandam. Der binne noch gjin oare minsken oanholden.

Freedtejûn hat de plysje in ynfal dien yn in skuorre oan de 19e Wyk yn Hoarnstersweach. De plysje fûn in fjoerwapen en 100 kilo MDMA, de grûnstof om XTC-pillen fan te meitsjen. De MDMA is in heal miljoen euro wurdich. Neffens de plysje soe de strjitwearde fan de XTC-pillen meardere miljoen euro's opsmite kinne.

Neffens de plysje giet it om swiere kriminaliteit dêr't miljoenen yn omgeane. De plysje ferwachtet nei de fynst fan dit drugslab noch mear bedriuwen te achterheljen dêr't XTC produsearre wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)