Plysje wurket gear mei skoalle

25 okt 2007 - 10:18
  • It Marne Kolleezje yn Boalsert

De plysje komt mei learlingen fan it Marne Kolleezje yn Boalsert yn aksje tsjin it grutte tal fernielings yn de stêd. Dat is yn in jier tiid mei 50 persint ta naam.

Utsjitter wie it ûnder wetter setten fan it nije mienskipsgebou It Kearpunt ein augustus. Unbekenden hawwe dêr doe de kranen en brânslang iependraaid en dat hat foar tsientûzen euro's skea opsmiten. Plysje en jongeren sille freed flyerje foar de nije aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)