Plysje wol ynfo oer foksen

18 jul 2009 - 14:27
  • De foksen rjochtsje in slachtpartij oan ûnder fûgels
  • Erik Saaltink fan Steatsboskbehear

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't fertelle kinne wêr't de foksen op Flylân weikomme. Sûnt heal juny rinne der meardere foksen op it eilân om, dy't foar in grutte slachtpartij ûnder de briedfûgels op it eilân soargje.

De jacht op de foksen is yntusken út ein set. De bisten moatte sa gau as mooglik ôfsketten wurde, sizze steatsboskbehear en gemeente. It wurdt útsletten dat de bisten sels nei it eilân kaam binne. It regionaal miljeuteam hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)