Plysje wol mear froulju

02 nov 2006 - 07:49

De plysje Fryslân wol mear froulju en allochtoanen oannimme. It korps bestiet no foar 60 persint út manlju. De groep allochtoanen is mei 2,5 persint fertsjinwurdige. Dat is net in goede ôfspegeling fan de befolking.

Dat wie it boadskip woansdei by de ynstallaasje fan korpssjef Magda Berndsen. It ferskaat fan de Fryske plysje kin grutter. Sa kinne problemen better oanpakt wurde, tinkt de lieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)