Plysje wol himpkwekers plukke

12 jan 2012 - 20:56
  • Himpkwekerij

De plysje wol kommend jier folle mear jild ôfpakke fan de kriminelen efter de himpkwekerijen. Sy fertsjinje miljoenen oan de himp, mar ferline jier waard mar in heal miljoen ôfpakt. It oantal himpkwekerijen dat fûn wurdt, wurdt wol hieltyd grutter. Yn 2011 wiene dat der goed 250, hast 70 mear as it jier dêrfoar.

It probleem is dat de eigners mei har fertsjinne jild samar wer in nije kwekerij opsette en dat wol de plysje foarkomme. De plysje wol foardat in kwekerij oprôle wurdt earst besjen wa't der achter sitte en wat se besitte oan auto's, huzen en jild. Dêr wurdt dan beslach op lein as der in ynfal dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)